"Duorsum buorkje is lotterij"

23 sep 2010 - 13:13
  • Biogasynstallaasje (foto: Omrop Fryslân)

De subsydzjeregeling foar boeren om duorsum te buorkjen is ien grutte lotterij. Soms is ynienen it jild op en op oare mominten foldogge de oanfragers samar net mear oan 'e easken. Dat seit kommissaris fan 'e Keninginne Jorritsma.

De provinsje besiket al skoften wat te dwaan oan 'e problemen troch te praten mei Den Haach en Brussel. Oant no ta hat dat noch neat opsmiten. Dochs giet in lobbyen op lanlik en Europeesk nivo troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)