Duorsum bedriuwepark E'wâlde

25 sep 2012 - 17:17
  • Under de ferklearring waard gjin hanteken, mar in foetprint set

Seis partijen ha tiisdei de yntinsje útsprutsen om bedriuwepark Ecommunitypark by Easterwâlde oan te lizzen. Dat moat it grienste en duorsumste bedriuwepark fan Nederlân wurde. It is in miljoeneprojekt dêr't ek HBO-ynstellings Stenden en Van Hall Larenstein oan meidogge.

En de provinsje en de gemeente Eaststellingwerf, want der wurdt foar 500 oant 700 minsken wurk ferwachte. Der wurdt al jierren oan it plan wurke. Unyk is dat de helte fan it terrein grien bliuwe sil en dat de enerzjyfoarsjenning sintraal en duorsum regele wurdt.

Takom jier simmer wurdt útein set mei it wurk oan it Ecommunitypark.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)