Duobakken foar jiske hast passé

11 nov 2004 - 16:56

De konteners mei twa fakken foar sawol grien- as restôffal yn de gemeente Lemsterlân wurde oer trije jier ôfskaft. Dat is nedich omdat de gemeente stadichoan te grut wurdt foar ien jiske-auto. Yn 2007 is de besteande jiske-auto ek ôfskreaun.

Lemsterlân is sawat de lêste gemeente dy't noch mei in duobak wurket. Alle ynwenners krije nije konteners. Dêrmei komt ek in ein oan it alle wiken opheljen fan beide soarten smoargens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)