Duo tankt sûnder te beteljen

06 nov 2013 - 09:46
  • Tanke

De plysje hat tiisdeitejûn twa mannen yn Ljouwert oanhâlden. It duo wurdt derfan fertocht dat se by in tankstasjon oan de Wâldwei by De Pein tankt ha sûnder te beteljen. De plysje trof de auto mei de beide mannen letter op 'e jûn yn de haadstêd oan. Op basis fan it sinjalemint fan kamerabylden koenen se oanhâlden wurde. De Ljouwerter bestjoerder (24) sei dat er ûnder ynfloed fan GHB wie. Yn de auto leinen falske kentekenplaten dy't it duo brûkt hie by it tanken. De auto is yn beslach nommen en de plysje makket proses-ferbaal op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)