Duo stelt tassen fol bôle

28 des 2013 - 10:38
  • Plysje-embleem

Twa Snitsers fan 20 en 27 jier binne freedtejûn yn har wenplak oanhâlden nei't se tassen fol bôle stellen hienen. De plysje koe it duo pakke om't in tsjûge fuort 1-1-2 belle. De tsjûge seach de Snitsers by in supermerk oan de Dr. Obe Postmastrjitte. Se stoppen in grut tal pûden yn de kofferbak. Dêrnei rieden se hurd fuort sûnder de autoljochten oan te dwaan. De plysje seach de auto letter op de Worp Tjaardastrjitte. Yn de auto fûnen se de bôle. Dy hienen meiwurkers fan de supermerk bûten set sadat it ophelle wurde koe. It duo is ynsletten.

By de oanhâlding die bliken dat de jongste ek drugs by him hie. Dy binne yn beslach nommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)