Duo slacht opnij ta

25 feb 2014 - 06:24
  • Antonio van der P. en Enise B.
  • Plysje

De eardere ynwenner fan De Harkema dy't troch de plysje ûnder oare socht wurdt foar it gizeljen fan in frou út Meppel, hat moandei mei syn froulike kompanjon opnij taslein. Nei in sjitpartij gizelen de twa in húshâlding yn Enschede. Letter naaiden se út yn de auto fan de húshâlding. Dêrby namen se de heit mei. Dy waard yn it Dútske Ahaus frijlitten en koe dêr de plysje warskôgje.

Dy plysje is noch hieltyd op syk nei de twa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)