Duo Schuil yn heale finale

19 maaie 2007 - 13:48

It beachfolleybal-duo Richard Schuil en Reinder Nummerdor hat him pleatst foar de heale finale fan it toernoai yn Sankt Polten. De twa wûnen mei 21- 14 en 21-15 fan it Switserske twatal Markus Egger/Martin Laciga.

It evenemint yn Eastenryk makket diel út fan de Europeeske-Tour. Schuil en Nummerdor binne dwaande mei in goede searje. Ferline wike wûnen Schuil en Nummerdor in Wrâld-Tour toernoai yn Bahrein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)