Duo pakt nei bistemishanneling

31 jul 2014 - 10:16
  • Lytse kat

In 19-jierrige frou út Wynjewâld en in 19-jierrige man út Drachtsterkompenije binne woansdei oppakt foar bistemishanneling. In tsjûge seach hoe't it twatal begjiin dizze wike in jonge kat út de auto sette op de Ald Duerswâld by Wynjewâld. It bistje wie swier fertutearze en is nei in biste-asyl brocht.

De tsjûge hie it kenteken fan de auto opskreaun. De plysje koe de fertochten op basis dêrfan oppakke foar bistemishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)