Duo pakt nei beteljen mei falsk jild

16 jan 2015 - 14:40

Op It Hearrenfean hat de plysje tongersdei twa manlju oppakt nei't se by in pompstasjon mei falsk jild betelle hienen. De 26-jierrige man út Ljouwert en de 22-jierrige Gordykster hienen tankt oan de Koaibosk yn Terwispel. Se betellen mei in falsk briefke fan fyftich euro. In meiwurker fan it pompstasjon koe ien fan de mannen, om't dy al earder mei falsk jild betelle hie. Se joech it kenteken troch oan de plysje. Dy trof de auto mei beide fertochten op It Hearrenfean oan. De manlju binne meinaam nei it buro. De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)