Duo oanholden foar strjitrôf

03 okt 2014 - 15:54
  • Scooter

De plysje fan Ljouwert hat twa manlju oanholden yn ferbân mei in strjitrôf, dy't plakfûn op 20 septimber. Op dy dei waarden in 19-jierrige frou en in 20-jierrige man út Ljouwert berôve fan harren scooter. Se waarden op strjitte bedrige mei in pistoal troch in 32-jierrige man út Uithuizen. Ek in 19-jierrige Ljouwerter wie by de strjitrôf belutsen.

By it ûndersyk kaam de plysje de beide fertochten op it spoar en trof de stellen scooter oan. De beide manlju sitte noch fêst. De scooter is yntusken weromjûn oan de slachtoffers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)