Duo mishannelet meiwurker

05 maaie 2014 - 10:53
  • Plysje

De plysje hat sneintenacht twa bewenners fan in soarchynstelling oan de Sloepstrjitte yn Snits oanhâlden, omdat se foar oerlêst soargen. De man fan 21 en de frou fan 20 wiene tegearre op in keamer en makken in soad leven. Dêrmei waarden de húsregels oertrêden en boppedat klage in oare bewenner oer it leven dat se makken. In meiwurker dy't der hinne gong, krige spul mei it duo en waard úteinlik ek mishannele. De plysje is der by helle en dy hat proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)