Duo mishannele yn Wolvegea

26 jan 2013 - 13:21

Yn Wolvega hat de plysje freedtejûn seis persoanen oanhâlden op fertinking fan mishanneling en fernieling. Op de Breuningslaan waarden in frou (20) út Sint Nyk en in man (25) út Wolvegea mishannele en de auto fan de man waard fenield. In tsjûge belle de plysje dy't de seis letter yn in buske op de Sportlaan oanhâlde koe. De fertochten, fjouwer manlju en twa froulju, binne ynsletten. De oanlieding foar de mishanneling en fernielerij lizze yn de relasjonele sfear. De plysje docht ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)