Duo hâlde fermist famke fêst

25 mrt 2013 - 09:42
  • Edwina Knol

De 16-jierrige Edwina Knol is wer terjochte. Dat hat de plysje bekend makke. Se is snein yn in wenning yn Grins oantroffen. It famke waard sûnt sneon 9 maart fermist. Se wie foar it lêst sjoen yn Berltsum.

Yn it ûndersyk nei de fermissing binne in 26-jierrige Ljouwerter en in 21-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak oanhâlden. Se wurde derfan fertocht dat se Edwina by har âlden weihâlden hawwe. Troch tips is de plysje it famke op it spoar kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)