Duo frijsprutsen yn Dokkumer GHB-saak

24 jun 2015 - 15:22
  • GHB

Twa mannen binne yn heger berop frijsprutsen yn de Dokkumer GHB-saak yn 2011. De twa, fan 36 en 39, hienen har freon (21) yn de auto achterlitten nei't er GHB brûkt hie. Hy wie yn komateuze tastân. De drugs yn kombinaasje mei de frieskjeld dy nachts hawwe laat ta de dea fan de Dokkumer.

It gerjochtshôf fynt dat de dea it duo net oanrekkene wurde kin. Se ha miskien nayf en dom west, oardiele de rjochter, mar "dood door schuld" giet te fier. It Iepenbier Ministearje hie in healjier sel easke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)