Dûnsmaraton op Sevenwolden

14 apr 2011 - 15:19
  • De nije OSG Sevenwolden (foto: Omrop Fryslân)

Hûnderten learlingen fan OSG Sevenwolden op It Hearrenfean dogge mei oan in dûnsmaraton fan 24 oeren. Doel is om mei sponsorjild in nije skoalle te bouwen yn Sierra Leone. De lokaasje Sevenwolden is ek nij en hy wurdt freed iepene.

Sevenwolden hopet mei de aksje 8000 euro op te heljen. De helte dêrfan is no opbrocht. Der wurdt dûnse yn ferskate stilen en der binne ek workshops. Wat fierders opfalt, is dat der hast gjin jonges meidogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)