Dûnsles foar 500 skoalbern

02 okt 2008 - 16:34
  • Dûnsles foar de Wurdumer Uniaskoalle

Fiifhûndert skoalbern yn ´e regio Ljouwert krije de kommende twa wike dûnsles. Dat bart op sechtjin skoallen yn it ramt fan ´e Nasjonale Dûnswike. De jeugd leart de kneepkes fan studinten fan it Friesland_Kolleezje.

Doel is dat bern út ´e groepen 3 en 4 dûnsje moatte en tagelyk in ferhaal útbyldzje. De dûnsles giet foarôf oan ´e foarstelling ´Vreemde Eend´ dy´t de bern op 12 novimber yn de Harmonie sjen sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)