Dûnskostúm Mata Hari nei museum

16 okt 2002 - 00:00

It Frysk Museum hat tongersdei in dûnskostúm fan Mata Hari krigen. De fan oarsprong Ljouwerter dûnseres en spionne hat it kostúm wierskynlik om 1905 hinne droegen by har optredens.

It kostúm is oanbean troch de lêste eigneres, in frou út Kanada. Mata Hari waard woansdei eksakt 85 jier lyn yn Frankryk eksekutearre op fertinking fan spionaazje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)