Dûnsje tsjin geweld

21 sep 2010 - 14:18

Mei in dûnsfeest op it skoalplein fan it Friesland College yn Ljouwert is helpynstelling Fier Fryslân tiisdei begûn mei in nij antygeweldskampagne. Op de website fan Fier Fryslân kinne jongeren dy't te krijen ha mei geweld anonym chatte mei in helpferliener.

Fier Fryslân tinkt dat slachtoffers fan geweld dêr mooglik ferlet fan ha. Mei promoasjemateriaal sil reklame makke wurde foar de chatmooglikheid. Woansdei is der ek noch in dûnsfeest op it Friesland College.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)