Dûnsfestival Burgum giet oer

24 feb 2011 - 13:33

It ynternasjonale dûnsfestival Burgum. giet dit jier net troch. De stichting hat te min jild krigen fan sponsoaren. It festival wurdt ien kear yn 'e twa jier holden en it bestiet 20 jier.

Dizze kear soene der tsien dûnsploegen komme en strjitteater. Dat plan waard al gau skrast fanwege de kosten. Dêrom waard ynset op in festival mei fjouwer dûnsgroepen. Fan de 30.000 euro dy't dêrfoar nedich is, kaam mar 20.000 op it kleed. Doe hat de organisaasje besletten it net trochgean te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)