Dûnsaksje grut sukses

16 nov 2006 - 13:24

Mear as 260.000 skoalbern ha tongersdei yn Nederlân fiif minuten oan it dûnsjen west. It Nederlânsk ynstitút foar sport en beweging wol mei dizze aksje de bern mear oan it bewegen krije, omdat se hieltyd dikker wurde.

Ek yn Fryslân wiene in soad dielnimmers. Twa jier ferlyn diene yn hiel Nederlân 143.000 minsken mei. Dat rekord is no ferbrutsen. De aksje komt no yn it Guiness Book of World Records.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)