Dunlop wol roettaslach opheffe

31 okt 2012 - 13:53
  • Dunlop yn Drachten

De direksje fan it Dunlopfabryk yn Drachten wol de roettaslach ôfskaffe. Dat soarget foar ûnrêst ûnder it personiel fan de mingôfdieling. De fersmoarging by it wurk is troch de jierren hinne bot fermindere. Dêrom fynt de direksje dat de roettaslach wol fuort kin. As it plan trochgiet, krije meiwurkers tsien persint minder lean.

De kwestje leit gefoelich om't Dunlop goed draait en it fabryk útwreide is. Koartlyn koe de ûndernimmingsried in wylde staking noch mar krekt op 'e tiid delbêdzje.

Nije wike woansdei wurdt yn Bunnik wer praat oer in nije CAO foar de keunststof- en rubberyndustry. De bûnen roppe leden om by dy byienkomst te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)