Dúnbrân by Ballum op It Amelân

09 jul 2006 - 12:27

Yn 'e dunen by Ballum op It Amelân hat sneon in koarte brân west. It fjoer ûntstie by Camping Roosduinen doe't in pear jonges oan it smoken wiene. Se hawwe sels noch besocht it út te meitsjen, mar dat slagge net.

Troch de droechte grypte it fjoer hurd om him hinne. De pleatslike brânwacht hat de brân útmakke. De plysje is ynskeakele om it ferhaal fan de trije jonges te hearren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)