Dûmny Smilde eare

16 okt 2010 - 15:17

Dûmny Bernard Smilde (88) nimt ôfskie fan de Kommisje Earetsjinst en Tsjerkemuzyk fan de PKN-Tsjerken. Yn de Lutherske Tsjerke yn Ljouwert waard er sneon eare mei in spesjaal sympoasium oer tsjerkelieten. Smilde hat in soad lieten skreaun foar ûnder oare it Frysk Lieteboek foar de Tsjerken. Hy brûkt it Frysk, want dat is in taal dy't libbet en dy't it leauwen tichtby bringt. Oer goed in jier ferskynt in boek oer Smilde as er njoggentich jier wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)