Dûmny Cor Keijzer ferstoarn

24 apr 2004 - 00:00

De Ljouwerter dûmny Cor Keijzer is freed ferstoarn. Hy is bekend wurden as mei-oprjochter fan it Frysk Fredes Platfoarm. De oanlieding dêrfan wie de oarlogsdriging yn Irak. It platfoarm wol de Irakezen stypje troch ûnder oaren mei te praten oer it opbouwen fan struktuer yn Irak.

Keijzer hat sels twa kear nei Irak west en him dêr as minskelik skild tsjin de oarlogsdriging opwurpen. Hy ûnderhâld ek ferskate kontakten yn Irak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)