Dûkteam út Snits yn aksje yn Den Helder

03 des 2014 - 20:12

It dûkteam fan Snits is woansdeitejûn yn aksje kaam yn Den Helder, nei't der in melding by de plysje binnenkaam dat der in persoan te wetter rekke wie. In frou hie by in benzinepomp in persoan fuortdraven sjoen, dy't oer in brede sleat sprong. Dêrnei't hie se him net mear sjoen.

It dûkteam fan Snits hat in oere lang socht, mar hat gjin lichem oantroffen.

It bart faker dat foar in melding yn Noard-Hollân it dûkteam út Fryslân oproppen wurdt. De dûkteams yn Noard-Hollân Noard binne op dit stuit op non-aktyf steld nei in deadlik ûngelok mei in dûker begjin augustus dit jier. De brânwacht Noard-Hollân is dêrom ôfhink fan dûkteams yn omlizzende regio's. Snits is kwa oanrydtiid it meast geunstich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)