Dûkteam hat nij oefenplak

06 apr 2010 - 10:39

It dûkteam Hearrenfean hat yn de Put van Nederhorst by De Jouwer in nij dûkplatfoarm yn gebrûk naam. It platfoarm stiet op in djipte fan 10 meter en wurdt brûkt by it lesjaan. Sa ha de learlingen better sicht en wurdt it dûken noch feiliger.

De Put van Nederhorst is ien fan de wichtichste dûklokaasjes yn Fryslân. Om't de put ôfsletten is fan iepen wetter is it sicht frij goed. Elk wykein meitsje tsientallen dûkers gebrûk fan de lokaasje by De Jouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)