Dûkers sykje wapen sjitpartij

29 aug 2014 - 11:44

De plysje yn Ljouwert hat freedtemoarn mei dûkers yn de grêften op syk west nei spoaren fan in sjitpartij. Dy fûn plak op 26 july op De Weaze. In 39-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân rekke derby ferwûne.

In 19-jierrige man út Burgum is earder al oanhâlden as fertochte. Oanlieding fan de sjitpartij wie in rûzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)