Dûkers plysje sykje yn stedsgrêft by De Tunen

21 des 2015 - 17:15
  • Dûkers fan de plysje by De Tunen

Dûkers fan de plysje hawwe moandeitemiddei in skoftsje socht yn de stedsgrêft oan de Tunen yn Ljouwert. Nei alle gedachten hie dat te meitsjen mei it stek- en sjitynsidint yn de kapperssaak oan de Tunen op freed 11 desimber. Neffens ien fan de dûkers is der lykwols neat fûn wat mei it ynsidint te meitsjen hie.

In 28-jierrige man rekke by de sjitpartij ferwûne. Hy hie ek meardere stekwûnen. In pear dagen letter is der yn de Ljouwerter wyk Bilgaard in auto yn beslach nommen, dy't nei alle gedachten wat mei it ynsidint te krijen hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)