Dûker ferstoarn yn Noardsee

11 maaie 2008 - 16:16

In 62-jierrige man út Haarlem is snein ferstoarn doe't er sa'n 23 kilometer boppe Skylge yn de Noardsee oan it dûken wie. It giet om in lid fan it dûkteam fan Lauwerseach, de Zeester.

De man krige ûnder wetter in hertoanfal. Hy wie mei oaren oan it dûken doe't er ynienen fermist waard. Eefkes letter waard de man fûn op de boaiem fan de Noardsee. Hy waard nei boppe brocht. Oan board is noch earste help ferliend, mar dat hat net mear holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)