Dûker ferstoarn yn Harns

26 apr 2012 - 07:45

Yn de haven fan Harns is woansdetejûn in 27-jierrige man út Yerseke ferstoarn. De man wie opfarrende fan in skip en sportdûker. Yn opdracht fan syn baas wie er it wetter yngien, omdat der problemen wiene mei de skroef fan it skip. Mar de man kaam net boppe wetter. Dêrop waarden de dûkers fan de brânwacht ynskeakele. Dy hellen it slachtoffer út it wetter.

De man wie bûten westen. Hy is reanimearre. Dêrnei is er oerbrocht nei it sikehûs. Dêr is er ferstoarn. Oer de oarsaak fan it foarfal is noch neat bekend

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)