Duinen Zathe echt net jûns iepen

16 maaie 2001 - 00:00

It partysintrum by Nieuw Duinen Zathe mei definityf net jûns iepen. Dat hat de gemeenteried fan Eaststellingwerf besletten. Der is inkeld in akkoart foar in fergunning foar deirekreaasje.

Ein fan dit jier moat de fergunning klear wêze. Takom simmer sil it park yn de nije opset draaie. Omwenjenden hienen protestearre tsjin de iepenstelling fan it partysintrum fanwegen oerlêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)