Dug-out yn Twizel ynstoart

21 maaie 2014 - 15:41
  • Dug-out yn Twizel ynstoart
  • De ynstoarte dug-out is dúdlik te sjen
  • Dug-out yn Twizel ynstoart
  • De helptsjinsten rukke manmachtich út

Yn Twizel oan de Mounewei is by in skoalkuorbaltoernoai woansdeitemiddei in stiennen dug-out ynstoart. Dêr binne fiif bern by ferwûne rekke, wêrfan twa slim. Ien is mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht. De oare fjouwer binne mei ambulânses nei oare sikehuzen brocht. Yn de kantine is slachtofferhelp.

De organisaasje hat ferskate kearen warskôge dat bern net op de dug-out sitte moasten. In betonplaat kaam nei ûnderen. Op it momint fan it ûngelok sieten 8 bern yn de dug-out. It giet om bern fan de Bernebrêge út Surhústerfean.

De gemeente Achtkarspelen hat foar belutsenen in opfanglokaasje ynrjochte yn doarpshûs De Bining yn Twizel. De kommissaris fan de Kening John Jorritsma en de minister fan Ynlânske Saken binne ûnderwilens ynljochte oer it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)