Dug-out fernield op 'e Harkema

17 aug 2006 - 09:41

Op 'e Harkema is begjin dizze wike in dug-out fernield fan Harkemase Boys. Ek op oare fjilden fan 'e fuotbalclub binne de ôfrûne tiid saken fernield. Yn april wie der ek al sprake fan fandalisme op sportpark De Bosk. Pleatslik Belang die doe in oprop mei de fernielings op te hâlden.

Neist Harkemase Boys meitsje fuotbalferiening Harkema-Opeinde en kuorbalclub De Harkema gebrûk fan it sportkompleks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)