Duet Syb en Tasha's World

19 apr 2004 - 00:00

Syb van der Ploeg hat mei Tasha's World in duet opnommen foar Mensen in Nood. It liet 'Find a Way' giet oer minsken dy't gjin thús ha. De opbringst fan it duet mei de Rotterdamske band is folslein foar de helporganisaasje. De eardere sjonger fan De Kast en no fan Spanner, hat it nûmer skreaun.

Syb van der Ploeg en Tasha's World sjonge it fers op de Befrijingsfestivals yn Ljouwert en Grins op 5 maaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)