Duet Elske mei Lionel Richie

07 mrt 2012 - 09:55

Elske DeWall sjongt snein in duet mei Lionel Richie. De Amerikaanske sjonger, dy't foaral yn 'e jierren '70 en '80 wrâldwiid in soad hits skoarde, komt nei Nederlân om syn nije cd mei duets te promoatsjen. Hy treedt snein op yn it RTL-programma Live4You en Elske DeWall is troch de platemaatskippij útkeazen om mei him te sjongen. De Ljouwerter sjongeres fynt it in hiele grutte eare om mei sa'n wrâldstjer op te treden. Se wurket oan har twadde album, dat yn maaie útkomt.

It nûmer Chasing the impossible fan Elske DeWall is nominearre foar in Rembrandt Award yn de kategory titelsong. It nûmer heart by de film Alle Tijd. De Rembrandt Awards, de Nederlânske publykspriis foar films, wurde 12 maart bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)