Dúdlikheid oer parkearbelied sintrum Boalsert en Snits

03 jul 2015 - 16:59
  • It sintrum fan Snits

De gemeente Súdwest-Fryslân wol yn de hjerst yn gesprek mei ûndernimmers en bewenners oer it parkearjen yn it sintrum fan Boalsert en Snits. Ferskate partijen hawwe meastentiids ferskillende belangen.

Sa wolle de winkelju graach goed berikber wêze, mar sjogge bewenners yn it sintrum leaver dat besikers krekt bûten it sintrum parkearje. Doel fan it gesprek yn de hjerst is dat der dúdlikheid komt oer wat de bêste oplossing is foar it parkearjen yn de stedssintra fan Boalsert en Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)