Dúdlikheid oer lessen heechbegaafde bern Dokkum

18 des 2014 - 07:31

It wurdt tongersdei in spannende dei foar de goed 35 bern - en har âlden - dy't spesjaal ûnderwiis foar heechbegaafden folgje op de iepenbiere Burgerskoalle yn Dokkum. Tongersdeitejûn wurdt dúdlik oft de gemeenteried fan Dongeradiel him ynsette wol foar it behâld fan de spesjale lessen foar heechbegaafde bern.

Koepelorganisaasje Roobol wol dat spesjale ûnderwiis skrasse, omdat it tefolle learlingen fan bûten lûkt en it ekstra jild kostet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)