'Dúdlikheid oer feartsjinst'

30 jan 2014 - 21:55
  • Sander de Rouwe wie ne ûnder de yndruk fan de krityk út de steaten

Twadde Keamerlid Sander de Rouwe fan it CDA wol dúdlikheid fan it kabinet oer hoe't it fierder moat mei de feartsjinst nei Skylge, no't it gerjochtshôf yn Den Haach besletten hat dat de Eigen Veerdienst Terschelling (EVT) ek nei 1 febrewaris trochfarre mei.

It gerjochtshôf ferneatige dêrmei it beslút fan steatssiktaris Mansveld fan ôfrûne hjerst oer it stillizzen fan de EVT. De Rouwe fynt dat steatssiktaris Mansveld binnen uterlik twa wike mei in brief komme moat oer hoe't it fierder moat mei de fearferbining nei Skylge.

De oprop fan De Rouwe wurdt stipe troch in mearderheid yn de Twadde Keamer. De Rouwe neamt it arrest fan it gerjochtshôf 'gesichtsferlies' foar de steatssiktaris. Sy sil no akseptearje moatte dat der foarearst twa feartsjinsten binne tusken Harns en Skylge. De steatssiktaris ûntkomt der neffens De Rouwe net oan om no ek de EVT te belûken yn it oerlis oer de feartsjinst op Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)