Dúdlikheid oer Brada frege

19 aug 2003 - 00:00

Personiel en fakbûnen wolle op koarte termyn dúdlikheid fan de kurator oer de takomst fan Brada. In grut part fan it personiel fan Brada sit op dit stuit thús omdat de kurator gjin jild mear hat om it slachtsjen troch te setten.

Tiisdei wie der oerlis tusken de fakbûnen en de ûndernimmingsried oer de situaasje. In soad dúdlikens oer de takomst kaam dêr lykwols net út. Mocht der noch in trochstart komme, dan moat dat op koarte termyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)