'Dúdliker kosten eksternen'

17 sep 2007 - 12:04

De rekkenkeamerkommisje fan It Hearrenfean fynt dat de kosten fan eksterne meiwurkers trochsichtiger wêze moatte. De gemeenteried moat earst beprate kinne wêrfoar eksternen ynset wurde, foardat it kolleezje dêr ta beslút. Alle projekten dêr't meiwurkers fan bûten ynhierd wurde, moatte nei ôfrin trochrekkene wurdt. Yn de boekhâlding moatte dy kosten better sichtber makke wurde, fynt de kommisje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)