Dúdliker hûsnûmers nedich

27 sep 2009 - 10:25

Hûzen yn it bûtengebiet fan Gaasterlân-Sleat krije reflektearende hûsnûmerbuordsjes,as it oan B. en W. leit. Helptsjinsten kinne yn it tsjuster faak dreech it goeie adres fine, omdat de standert hûsnûmers net goed te sjen binne. Reflektearende buordsjes of pealtsjes soene dat probleem ferhelpe kinne.

Guon minsken ha se sels al kocht. De ried praat der nije wike oer. As dy akkoart giet mei it plan, krije de minsken in part fan har jild werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)