Dúdlikens oer nije eigeners âldereinsoarch

31 mrt 2015 - 15:51
  • De Spiker yn Ternaard

Der komt woansdei dúdlikens oer de takomst fan de âldereinsoarch dy't foel ûnder de fallite soarchgroep Pasana. Op in parsekonferinsje fan de kuratoaren wurdt dan bekend makke wa't de nije eigeners binne fan de âldereinfoarsjennings. De eigeners binne der dan ek by om te fertellen wat se fan plan binne.

Pasana gie yn novimber ferline jier fallyt. Dat kaam foaral trochdat sikehûs De Sionsberg, dat ek ûnder Pasana foel, mei ferlies draaide. Yn it fallisemint waarden de âldereinfoarsjennings ek meisleept, ek al skreaunen dy wol swarte sifers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)