Dúdlikens oer hypoteekrinte

02 mrt 2012 - 15:46

Fryske makelers wolle dat der sa gau mooglik dúdlikens komt oer it ôflûken fan de hypoteekrinte. Pas dan kin de wenningmerk wer by de wâl op klauwe.

De krisis op de huzemerk fernimme se ek op de beurs Huis & Tuin yn Ljouwert. Der binne minder stands as ferline jier. Yn de hal fan de wenteferkeap stiet it wol fol. Der stean op dit stuit goed 10.000 wenten te keap yn Fryslân. It tal besikers fan de beurs is net minder. Der organisaasje ferwachtet krekt wat mear as ferline jier. Doe wiene it 30.000.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)