Dúdlikens erfpacht komt deroan

02 jun 2009 - 11:29
  • Staatsbosbeheer moat in reedlike ferheging oplizze

Minsken dy't op'e Waadeilânnen grûn pachtsje fan Steatsboskbehear krije dizze simmer mear dúdlikens fan minister Verburg oer de hichte fan 'e pacht. Steatsboskbehear wol yn tritich jier tiid de erfpacht 540 % ferheegje.

Der kamen safolle protesten dat der in aparte kommisje ynsteld is om ien en oar út te sykjen. De kommisje-De Jong hat in ferdield advys útbrocht oan minister Verburg, mar hat wol sein dat SBB gjin misbrûk makket fan syn posysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)