Dúdlikens easke oer stedswachten

04 nov 2003 - 00:00

De Stichting Stedswacht yn Ljouwert wol fan 'e gemeente gau dúdlikens oer de finansjele takomst. De posysje fan stedswacht wurdt mei saneamde ID-banen ynfold en dêrop wurdt swier besunige. De stichting hat yn maart in takomstfyzje yntsjinne en dêrop is noch net reagearre. Stedwachtdirekteur Brandsma praat tiisdei mei wethâlder Brok oer de saak. De jûns is der in kommisjegearkomste fan de gemeente en ek dêr sil Brandsma oanwêzich wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)