Dûbelslach Stroetinga-De Vries

06 des 2008 - 20:41
  • Arjan Stroetinga wer de rapste

De Bam-formaasje, de maratonploech fan Jillert Anema, wie sneontejûn yn Assen wer ris oppermachtich. De winst yn de sechsde maraton om de Essent Cup wie foar Arjan Stroetinga fan Waskemar. Mei de oerwinningen yn de KNSB Cup derby wie it al wer syn sânde winst fan it seizoen.

Ploechmaat Bob de Vries fan De Haule waard twadde en dat wie genôch om yn it klassemint Cedric Michaud foarby te gean. De Vries hat 81 punten, Michaud 77 en Stroetinga is no tredde mei 75.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)