Dûbelslach Sierk Jan de Haan

06 jun 2010 - 18:56
  • Sierk Jan de Haan

Sierk Jan de Haan hat syn twadde oerwinning fan dit wykein binnen. Sneon wie de hurdfytser út Dokkum de rapste yn de Omloop fan De Kompenije, snein wûn er mei oermacht de Kasseie-omloop yn Exloo.

Yn Exloo kaam Sierk Jan de Haan nei 162 kilometer solo oer de einstreek. Niek Hooghiemster fan Oentsjerk waard twadde op 26 sekonden. Tredde man, Peter Merx út Warfhuizen, siet dêr wer acht tellen achter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)