Dûbelslach Mariska Kramer

04 maaie 2009 - 08:15
  • Mariska Kramer

Mariska Kramer fan Drachten hat snein har twadde duatlon binnen trije dagen wûn. Yn Bastendorff yn Lúksemboarch kaam se nei 10 kilometer hurdrinnen, 60 kilometer op de fyts en wer 10 kilometer draven mei romme foarsprong oer de einstreek. De tiid fan Mariska: 3 oeren, 22 minuten en 39 sekonden. De Fransêze Sylvie Quittot kaam krapoan trije minuten letter binnen.

Freed wie Mariska Kramer ek al de bêste yn de duatlon fan it Dútske Oberursel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)