Dûbelslach Jeroen Boelen

23 maaie 2008 - 14:59

Jeroen_Boelen hat freed de sechsde etappe fan Olympia´s_Tour wûn. Mei de Dútsers Kluge en Pohl hie Boelen nei 131 kilometer yn Gendringen krekt genôch foarsprong om de oranje liederstrui fan Lars_Boom oer te nimmen.

Yn it algemien klassemint bliuwt Lieuwe_Westra fan Mûnein de bêste Fries. Hy moat jûn yn de yndividuele tiidrit oer 18,3 km 20 sekonden goed meitsje op Boelen. Tiidritspesjalist Lars_Boom moat mar 4 tellen ynhelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)