Dûbelslach Jan Bos

05 jul 2009 - 21:42
  • Jan Bos

Hurdfytser Jan Bos fan Nijhoarne hie in bêst wykein. Sneon wûn hy it kritearium fan Enter, snein wie hy de bêste yn Driel. Yn Enter wûn Bos de einsprint fan Marien Wallink en Jelle Treur. Yn Driel siet er lang yn in kopgroep, mar kaam solo oer de einstreek.

Ofrûne tiisdei wie Jan Bos ek al de winner fan de ronde fan Tolbert. Twa dagen letter waard er ek noch fjirde yn Erp. Foar Jan Bos stiet de teller dit seizoen op njoggen oerwinnings

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)